Spitse mei Oranje-froulju pas nei it skoft foarby Kosovo: 6-0

01 des 2020 - 20:44

De Nederlânske fuotbalsters hawwe foar it earst in kwalifikaasjetoernoai ôfsletten sûnder punteferlies. It al pleatste Oranje wûn yn Breda ek de tsiende en lêste groepswedstriid yn de foarronde fan it EK 2022 yn Ingelân. De Europeesk kampioen fersloech it kânsleaze Kosovo mei 6-0. Sherida Spitse fan Snits spile de hiele wedstriid, wylst Sisca Folkertsma fan Sleat de hiele wedstriid op de bank bleau.

Foto: www.orange-pictures.nl

By it skoft wie de stân ferrassend noch 0-0. Nei it skoft kaam de produksje fan de thúsploech goed op gong. Mei tank oan Katja Snoeijs (trije), Jill Roord (twa) en âld-Hearrenfeanspylster Lieke Martens waard it grutte kwaliteitsferskil dochs noch sichtber yn de útslach.

Nederlân slút de kwalifikaasje ôf mei tritich punten út tsien wedstriden en in ymposant doelsaldo fan 48-3.

Bûnscoach Sarina Wiegman wie der opnij net by op de bank fan Oranje. Se ferliet freedtemiddei it trainingskamp fanwegen famylje-omstannichheden en miste dêrtroch de oefenynterlân tsjin wrâldkampioen Feriene Steaten (0-2). Ek tsjin Kosovo naam assistint-trainer Arjen Veurink har taken oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)