In 'Kennisberied': in oplossing foar it Frysk of it safolste praatklupke?

01 des 2020 - 20:09

Hoe wurdt in nij 'Kennisberied' net it safolste praatklupke oer de takomst fan it Frysk? It advys om sa'n beried foar Fryske taalorganisaasjes te foarmjen komt fan DINGtiid. "As wy dat goed opfolgje en net allinne in ynstitút oprjochtsje en dêr wat gearkomsten omhinne hingje, mar echt goeie minsken mei goeie ferhalen en rezjy delsette, dan hawwe wy in wurkfoarm. Mar it stiet en it falt mei de belutsenens en it fjoer fan de Friezen dy't der yn sitte," seit deputearre Sietske Poepjes.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Neffens har soe it in praatklup wurde kinne as provinsje en taalorganisaasjes net goed mei-inoar gearwurkje. "Dêrom is it moai dat DINGtiid no in pear tips jûn hat om ta in moai resultaat te kommen. Lykas in traineeprogramma foar jongelju dy't belutsen binne by de Fryske taal. Of derfoar soargje dat je net mei syn allen yn deselde subsydzjepot by it Ryk fiskest. "

Deputearre Sietske Poepjes

Bestjoerder Freddy Weima fan DINGtiid is it mei Poepjes iens. "Dêrom stelle wy foar om ta in traineeprogramma te kommen. Dat je echt aksje ûndernimme om jong talint der by te lûken en in kâns te jaan." Jong wittenskiplik talint moat yn Fryslân hâlden wurde, fynt hy. "Je moatte se echt ferbine oan kennisynstellingen. Dat hoecht net ien ynstelling te wêzen, mar it systeem as gehiel. It giet om de Frysktalige kennissektor, om de takomst fan it Frysk."

"Wy kinne der mear úthelje"

Weima tinkt dat der mear út de budzjetten helle wurde kin as dat no it gefal is. "Wy tinke dat der al in hiel behoarlik bedrach nei de kennissektor giet. It mei ek noch wol mear wêze foar ús. Mar ek mei it budzjet dat der no is kinne wy der mear úthelje as dat no it gefal is. As der mear gearwurking en romte foar jong talint is."

Bestjoerder Freddy Weima fan DINGtiid

Nettsjinsteande de plannen is der ek krityk op it rapport. Marc van Oostendorp, in bekende taalkundige, hat foar Neerlandistiek in blog skreaun oer it rapport. De notysje fan DINGtiid hat neffens him mei Op zoek naar nieuwe dynamiek in 'niet erg inspirerende titel' en dêrnjonken 'stemt de inhoud al evenzeer tot wanhoop.'

Krityk op advizen: wer mear burokrasy

Neffens Van Oostendorp presintearret it advysorgaan mei it plan allinne mar mear burokrasy. It liket der neffens him op dat it benammen skreaun is om it provinsjale bestjoer geunstich te stimmen: "Een nieuwe commissie erbij en alle problemen zijn opgelost."

En dat wylst hy oanjout dat it belang fan stipe foar it Frysk just wol grut is. Van Oostendorp neamt Fryslân in 'geweldig onderzoeksgebied', bygelyks as it om twataligens giet. Grutte maatskiplike fragen dêr't de Nederlânske mienskip foar stiet, kinne yn Fryslân ûndersocht wurde. Hy hopet dan ek op in gruttere oanpak mei ideeën fan jonge minsken dy't oansteld wurde by bygelyks de Fryske Akademy. "Wat ontbreekt is het geld én de lef om dat aan te vragen - niet alleen bij de provincie, maar ook landelijk en Europees," sa skriuwt hy.

(Advertinsje)
(Advertinsje)