Súdwest-Fryslân wol kwart miljoen yn nije fytspaden stekke

01 des 2020 - 19:55

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn de gemeente Súdwest-Fryslân wol 250.000 euro útlûke foar bettere fytspaden by Tersoal en Nijlân. Yn totaal hawwe ynwenners fan de gemeente winsken foar goed fyftich fytsferbiningen. De gemeente hat se op in rychje set en wurket der no twa fan út.

Fytspaad - Foto: Shutterstock.com

Earder hat de gemeente tasein om jild beskikber te stellen foar ûnderhâld. Doe stie der 750.000 euro foar, mar nei besunigingen is dêr no 250.000 euro fan oer. Dêrtroch kin in frijlizzend fytspaad tusken Sibrandabuorren en Spears foarearst net trochgean, want dat kostet in heal miljoen euro.

Wat it kolleezje oanbelanget giet der 90.000 euro nei reade stroken en maatregels dy't de snelheden ferminderje moatte lâns de rûte tusken Sibrandabuorren en Tersoal. Dêrneist moat der 160.000 euro nei fytsfoarsjennings by it fiadukt ûnder de A7 by Nijlân.

No subsydzje oanfreegje

Troch 250.000 euro út te jaan, kin de gemeente ek subsydzje oanfreegje by de provinsje en it Ryk. Dat kin allinnich as de gemeente sels ek jild beskikber stelt. Hielendal gjin jild útjaan oan fytspaden soe net goed wêze foar de feiligens en foar it betrouwen fan de mienskip yn de gemeente, om't de gemeente earder tasein hat om wurk fan de fytspaden te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)