Faksinaasjes mooglik fan 4 jannewaris ôf: "Veiligheid voor snelheid"

01 des 2020 - 18:15

Alle kunde dy't opdien is by faksins foar oare oandwaningen, is ek ynset by de ûntwikkeling foar de faksins tsjin it coronafirus. Dêrom is der ek gjin inkelde twivel oer de feilichheid fan de faksins dy't mei yngong fan begjin takom jier beskikber binne. Dat seit arts-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan it Ljouwerter laboratoarium Izore.

Foto: ANP

Minister Hugo de Jonge sei tiisdei dat de earste minsken op 4 jannewaris yninte wurde tsjin it coronafirus. Hy hâldt dêrby noch wol in slach om de earm, want it Europeesk Medisynagintskip (EMA) moat de faksins noch goedkarre.

"Voordat iemand een vaccin aan mag bieden aan de EMA, moet dat vaccin al getest zijn op een grote groep vrijwilligers", seit Van Elsacker. "Heel veel mensen hebben de vaccins al gehad en dat is allemaal goed gegaan."

Dat kaam ek nei foaren de ôfrûne wiken. Guon faksins wiene sels yn mear as 90% fan de gefallen effektyf. Belangryk is wol om dêrby te betinken dat it faksin test wurdt op sûne minsken. "Dat is iets anders dan de grote bevolking. Dan gaat de effectiviteit misschien iets naar onderen, want niet iedereen is zo gezond." Mar omdat it faksin yn safolle gefallen wol wurket, soarget dat foar in goede beskermingsgraad.

Belied kin oanpast wurde

De strategy fan de Nederlânske oerheid is om earst benammen kwetsberen te faksinearjen. Mar mocht it faksin by harren minder goed blike te wurkjen, dan kin dat belied samar wer oanpast wurde, seit Van Elsacker.

Sels hat se yn alle gefallen alle fertrouwen yn de faksins. "Er wordt zo zorgvuldig getest. Men deinst er ook niet voor terug om te zeggen dat er nog extra tijd nodig is, zoals bijvoorbeeld AstraZeneca deed. Men is erg kritisch op het eigen handelen."

It iene faksin kin by in persoan ek better oanslaan as it oare faksin. Dat is normaal, seit Van Elsacker. "Dat is ook zo bij bijvoorbeeld Hepatitis B. Daarom is het fijn dat je de keuze hebt uit meerdere vaccins."

Gjin twivel oer faksin

Sels lit Van Elsacker har ek faksinearje, sadree't dat kin. "Ja, daar heb ik geen enkele twijfel over." Se hopet dat dat foar oaren ek jildt. "Ik hoop dat mensen vertrouwen ontlenen aan hoe zorgvuldig het allemaal gebeurt."

Minister De Jonge seit ek dat faksinaasjes allinnich yn it meast geunstige gefal op 4 jannewaris los kinne. "De EMA en de Europese Commissie zijn eerst aan zet. En veiligheid gaat voor snelheid."

(Advertinsje)
(Advertinsje)