Drugswente sletten oan de Ramstraat yn Ljouwert

Op lêst fan boargemaster Sybrand Buma is der yn Ljouwert in drugswente sletten oan de Ramstraat. De plysje fûn op 30 oktober in himpkwekerij yn it hûs. It gie yn totaal om 366 potten mei al ôfknipte planten. Ek lei der oar guod dat mei de hannel yn drugs te krijen hie, lykas lampen, koalstoffilters en fentilatoaren.
© Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)
It hûs is op grûn fan de Opiumwet foar trije moannen sletten. It is neffens de gemeente de 33e kear dat der in drugswente sletten is dit jier.