Klimaatfytsers helje 3000 euro op foar rjochtsaak tsjin Shell

01 des 2020 - 17:00

De groep 'klimaattrappers' dy't fan it wykein yn Ljouwert begûnen oan in fytstocht nei Den Haag, binne dêr tiisdeitemoarn oankaam. It doel fan de fytsers wie om jild op te heljen foar de rjochtsaak dy't Milieudefensie en tal fan oare organisaasjes tsjin Shell oanspanne. Se hiene tiisdeitemoarn al 2.690 euro ophelle.

Foto: Milieudefensie

De fytsers hiene in grutte wrâldbol mei. Ek fytsers út Grins, Deventer, Utrecht en Eindhoven wei diene mei om Milieudefensie te stypjen. Yn totaal easkje 17.000 minsken dat Shell folle mear oan it klimaat docht.

Shell leveret grutte bydrage oan útstjit broeikasgassen

De advokaat fan de miljeu-organisaasjes fynt dat de rjochter Shell twinge moat om de CO2-útstjit te ferminderjen, omdat it bedriuw 'op ramkoers' leit mei de klimaatdoelstellingen. Shell leveret in grutte bydrage oan de útstjit fan broeikasgassen troch de ferkeap fan fossile brânstoffen.

Advokaat Horeman fan Shell is it dermei iens dat it bedriuw meihelpe moat oan de oanpak fan klimaatferoaring, mar neffens him hat de saak fan ûnder oare Milieudefensie gjin juridyske basis. Neffens Shell moat de útstjit fan brânstoffen tarekkene wurde oan de brûker en net oan Shell, de ferkeaper.

(Advertinsje)
(Advertinsje)