F-35 makket foarsoarchslâning fanwege technysk mankemint

01 des 2020 - 16:38

In F-35 fan de fleanbasis Ljouwert is tiisdeitemiddei rap werom gien nei de fleanbasis fanwege in technysk mankemint. Wat der krekt oan de hân wie is net dúdlik. De F-35 wie dwaande mei in trainingsflecht doe't er boppe it Amelân maleur krige.

Foto: SRFotografie

It gefjochtsfleantúch is dêrop sa fluch mooglik weromflein nei de fleanbasis en hat dêrby foarsoarchslâning makke. Neffens protokol stie foar de wissichheid de brânwacht fan de basis klear. Under begelieding fan de brânwacht is 'de kiste' nei de hangar brocht. Tsjûgen melde ek dat se reek by it tastel sjoen ha, de fleanbasis Ljouwert meldt lykwols dat der gjin brân wie yn de F-35. Der is mooglik wol kerosine loasd.

Trefwurden: 
Fleanbasis Ljouwert F-35
(Advertinsje)
(Advertinsje)