Snitser feroardiele ta selstraf fan 40 moannen foar ûntucht mei dochters

In 39-jierrige ynwenner fan Snits is troch de rjochtbank fan Ljouwert feroardiele ta in selstraf fan 40 moannen foar it seksueel misbrûken fan syn twa minderjierrige dochters.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It jongste slachtoffer is fjouwer jier lang misbrûkt. De rjochtbank nimt it de heit kwea ôf dat hy gjin each hân hat foar de gefolgen foar de slachtoffers en inkeld rjochte wie op it befredigjen fan syn eigen gefoelens. "Verdachte heeft op grove wijze inbreuk gemaakt op de lichamelijke en geestelijke integriteit van zijn twee dochters, alsmede op hun gevoel van veiligheid in hun eigen woning", sa seit de rjochtbank.
De rjochtbank tilde der swier oan dat it misbrûk fan ien fan syn dochters op hiel jonge leeftiid begûn is en jierrenlang duorre hat. De offisier fan justysje naam it de fertochte kwea ôf dat hy syn bern manipulearre en se opskipe hat mei "een ernstig schuldgevoel".
Der binne gjin stoarnissen fêststeld, de man is folslein tarekkenber. De opleine straf is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.