Minder guozzen soargje foar mear skea: goed 10 miljoen euro

Der wiene ôfrûne winter minder guozzen yn Fryslân as yn foargeande jierren, mar dochs ha guozzen foar tsien prosint mear skea soarge oan gerslân as de twa eardere winters. Dêrmei hellet de provinsje it doel net om de skea troch guozzen alle jierren mei fiif oant tsien prosint te ferminderjen. Yn totaal komt de skea út op goed 10 miljoen euro.
© Henk Bootsma
Dat docht bliken út foarriedige sifers fan BIJ12-Faunazaken. Ferline jier wie der foar sa'n 9 miljoen euro oan skea. Dat der mear skea is, soe komme troch de drûchte.
It is foar it earst sûnt de nije guozze-oanpak fan 2017 dat it net slagge is om de skea troch guozzen mei fiif oant tsien prosint te ferminderjen. Ofrûne winter wiene der minder guozzen yn Fryslân as foargeande jierren. Ek it tal bunders mei gersskea is mei twa prosint sakke. Dochs is der troch guozzen tsien prosint mear skea oan gerslân oanrjochte as yn de foargeande twa winters.

'Boeren kinne der net safolle oan dwaan'

De provinsje hat besletten om it eigen risiko fan boeren foar de skea net te ferheegjen. "Neffens ús belied kinne wy it eigen risiko foar grûnbrûkers ferheegje as de skea omheech giet", seit deputearre Klaas Fokkinga. "Mar wy sjogge fansels al nei de oarsaken. It liket derop dat de drûchte yn 'e maitiid foar in grut part fan ynfloed west hat op 'e gersskea troch guozzen. Dêr kinne boeren net safolle oan dwaan. Wy sjogge sels dat yn 'e wichtichste perioade it tal ferjei-aksjes justjes tanommen is. Dêrom fine wy it net reedlik om harren in heger eigen risiko op te lizzen."

Miljoen mear skeafergoeding

Neist dat de skea oan gerslân mei tsien prosint omheech gien is, is ek de gerspriis mei twa sint ferhege. Allinne al troch dy hegere gerspriis is de skeafergoeding dy't de provinsje útkeart al likernôch in miljoen euro mear as ferline jier.