Basisskoalle yn Arum koart ûntromme: "Stek gjin fjoerwurk mear ôf by ús skoalle"

01 des 2020 - 15:38

Basisskoalle De Oanrin yn Arum hat tiisdeitemoarn koart ûntromme west. Ofrûne wykein is der nei alle gedachten fjoerwurk ôfstutsen by de basisskoalle. Oerbliuwsels fan it fjoerwurk binne yn de spoumuorren telâne kaam. De brânwacht hat dêrom de muorren tiisdeitemoarn kontrolearre.

Brânwacht yn basisskoalle de Oanrin - Foto: Peter van der Logt

Moandeis hong der al in brânlucht yn de skoalle. Dêrop hat de meldkeamer besletten dat tiisdei de brânwacht delkomme moast om de skoalle te kontrolearjen op brân.

De brânwacht ûntduts dat der noch restanten fan fjoerwurk yn de spoumuorre siet. "It hie folle slimmer ôfrinne kinnen," stelt skoaldirekteur Peter van der Logt.

Koart ûntromme, gjin panyk

It barde by it skoalgebou fan De Oanrin oan de Schoolsingel. Dêr sitte de jongste bern op skoalle. De âldste bern gean nei it gebou oan de Schoolstraat. Neffens de direkteur fan de basisskoalle is de jongste bern sein dat se koart nei bûten mochten om nei de brânwachtwein te sjen. Dat diene se om panyk ûnder de jonge learlingen foar te kommen. "Feilichheid boppe alles," sa reagearret Van der Logt.

Brânwacht mjit temperatuer - Foto: Peter van der Logt

It hiele ferhaal is mei in skamper ôfrûn. Dat der stikken fjoerwurk yn de spoumuorre sitte kin allinnich mar betsjutte dat der fjoerwurk ôfstutsen is by de skoalle. "Wy wolle dan ek eltsenien freegje om net mear fjoerwurk ôf te stekken op it plein of by de skoalle. It is ek nochris ferbean," sa seit de direkteur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)