Gearwurking Frysk sjit tekoart; 'kennisberied' moat de taal rêde

01 des 2020 - 14:45

De takomst fan it Frysk is ûnwis en it gebrûk fan de taal stiet mooglik ûnder druk. Dêrom moatte organisaasjes dy't kennis oer it Frysk garje en ferspriede better gearwurkje. Dat moat de kennisynfrastrukteur fan it Frysk ferstevigje. Dat stiet yn in rapport fan DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, dat tiisdeitemiddei oanbean is oan Deputearre Steaten.

Foto: ANP

In soad ynstellingen, lykas Tresoar, de Afûk en de Fryske Akademy dogge ûndersyk nei de Fryske taal. Dêrnjonken kinne je Frysk studearje oan de universiteiten fan Grins en Amsterdam en oan hegeskoalle NHL Stenden. Mar dat kennisfjild bestiet no noch út te folle eilantsjes, skriuwt DINGtiid. De gearwurking kin better.

Al dy ynstellingen konkurrearje boppedat om subsydzjes. Aktiviteiten fan dy ynstellings moatte ek better opinoar ôfstimd wurde. Der ûntbrekt in fokus oer hoe't it Frysk him ûntwikkelje moat.

Warskôging: takomst fan it Frysk yn gefaar

De minne gearwurking hat konsekwinsjes, skriuwt DINGtiid. Studinten kieze kwealik mear foar in stúdzje Frysk en der binne ek net in soad dy't eineksamen dogge yn de taal op de middelbere skoallen. It gefolch is dat ynnovaasje útbliuwt. Sa komt de takomst fan it Frysk yn gefaar, is de warskôging.

It goede nijs neffens DINGtiid is dat der wol in soad ferlet is fan kennis oer it Frysk. En Ryk en provinsje ha ek wol jild foar de taal. In oplossing soe in kennisberied wêze: dêryn binne dan alle ûndersyksynstituten en -ynstellings yn fertsjintwurdige. It moat ek in oansprekpunt wurde foar fragen oer de taal foar elkenien: oerheden, partikulieren, skoallen of ûndernimmers.

Plak foar jong talint

It beried moat derfoar soargje dat der genôch jong talint in plak krijt binnen ynstellings. Sa stimulearje je wittenskiplik ûndersyk nei de taal en dat smyt wer ynnovaasje op. Talintfolle persoanen soenen bygelyks trainee wurde kinne by meardere organisaasjes, dy't harren rjochtsje op ûnderwiis, wittenskiplik ûndersyk of tapassing fan de Fryske taal.

Trefwurden: 
Frysk Dingtiid Fryske taal
(Advertinsje)
(Advertinsje)