RIVM: 89 nije besmettingen, ien nij stjergefal

Der binne de ôfrûne 24 oeren 89 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der 22 minder as moandei, doe wiene it der 111. It trochsneed tal besmettingen oer de lêste sân dagen is 96.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Súdwest-Fryslân (27). Dêrnei komme Noardeast-Fryslân (11) en Ljouwert (10).
Yn Fryslân is sûnt moandei wer ien nij stjergefal meld. It giet om in bewenner fan Súdwest-Fryslân. It totale tal stjergefallen sûnt it begjin fan de corona-útbraak leit no op 132.
It RIVM meldt tiisdei gjin nije sikehûsopnamen yn Fryslân.
Lanlik delgong
Lanlik binne der 4.073 nije besmettingen fêststeld. Dat binne der hast fiifhûndert minder as moandei, doe wiene it 4.603.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.