HEA! Kij skeare mei de bruorren Douwes
Rindert en Foppe Douwes fan Brantgum binne op dit stuit drok mei it kij skearen. Se binne bruorren fan elkoar en ha elk harren eigen bedriuw. In pear kear yn it jier wurkje se dochs tegearre en dat giet knap. Beide mannen wenje noch by mem thús. Mei de ferkearing wol it noch net sa slagje en se dogge dan ek in oprop.