Finansjeel tafersjoch fan de provinsje driget foar Smellingerlân

De provinsje is net akkoart mei de begrutting fan de gemeente Smellingerlân. As dy net oanpast wurdt, driget Smellingerlân ûnder tafersjoch steld te wurden.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De begrutting fan de gemeente Smellingerlân is no net slutend. Der is in tekoart fan 85.000 euro. De gemeente kriget oant heal desimber de tiid om dat oan te passen.
Om't it tekoart ridlik lyts is foar in grutte gemeente kriget Smellingerlân de tiid om oanpassings te dwaan. Dat sil dan op 'e nij toetst wurde troch de provinsje.

Finansjele ûnderbouwing ûntbrekt

It giet om twa taakstellings dêr't gjin finansjele ûnderbouwing by sit: in besuniging op it sosjaal domein fan 3 miljoen euro en in besuniging fan 1 miljoen euro op it personiel. Dy binne neffens de provinsje net 'konkreet en reëel' genôch. Om't se net oan de easken foldogge, kinne se net goedkard wurde troch de provinsje en ûntstiet der in tekoart.
De ferantwurding foar it finansjele tafersjoch op gemeenten leit by Deputearre Steaten. As in begrutting net kloppet, komt in gemeente ûnder tafersjoch te stean.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma prate mei deputearre Sander de Rouwe