Ek yn heger berop 20 jier sel oplein tsjin widdo yn saak-Van Seggeren

01 des 2020 - 13:34

It gerjochtshôf fan Ljouwert feroardielet Jessica B. yn heger berop ta 20 jier sel fanwege it meipleegjen fan de moard op har man Tjeerd van Seggeren. Dat is lyk oan de straf dy't de rjochtbank earder oplei en lyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje. De advokaat fan B. hie om frijspraak frege.

Ek yn heger berop 20 jier sel oplein tsjin widdo

Van Seggeren waard yn july 2017 dea oantroffen by De Westereen. Neffens it Iepenbier Ministearje wie Jessica B. direkt by de moard belutsen. It IM tinkt dat se dêrby in hantlanger hie, har omke Uwe D., dy't yn maart dit jier stoar. In moanne dêrnei dûkte in brief fan D. op, wêryn't er tajout ferantwurdlik te wêzen foar de dea fan Van Seggeren. Wa't krekt wat dien hat, is neffens it IM net fan belang. De rol fan B. wie yn it oardiel sa grut, dat se skuldich is oan it meipleegjen fan de moard.

Foar de útspraak kaam nei foaren dat der yn de ôfrûne wiken noch in brief opdûkt is fan de widdo fan Uwe D., de man dy't de hantlanger fan Jessica B. wêze soe. Yn de brief skriuwt de widdo dat Uwe D. ûnterjochte beskuldige is.

Neffens riedshear Deuring fan it gerjochtshôf stiet fêst dat Van Seggeren ferskate kearen op 'e holle slein is mei in hurd foarwerp. It hôf seit dat der in relaasje bestiet tusken de fervedieltsjes op de holle fan Van Seggeren en de fervedieltsjes dy't fûn binne yn de auto fan de fertochte.

It hôf seit ek dat de fertochte net konsistint west hat yn har ferklearringen. Boppedat liicht se, neffens Deuring. Sa soe se by it sykjen nei har man him faak belle ha, mar neffens de telefoangegevens is dat net sa.

Foto: De Vries Media

It motyf foar de fertochte om har man om te bringen wie finansjeel profyt en relasjonele problemen, seit it hôf. Der wie in libbensfersekering ôfsletten foar 600.000 euro.

Neffens it hôf is bewiisd dat de fertochte skuldich is oan it meipleegjen fan de moard. Fanwege it geweld hat se dat nei alle gedachten net sels dien, mar in oar. Se wurdt feroardiele foar moard yn feriening mei in oar, seit it hôf. Se hie in stjoerende en regissearjende rol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)