Ljouwerter oanhâlden dy't mei drugs op yn stellen auto ried

01 des 2020 - 12:45

De plysje hat tiisdeitenacht oan it Luchtenrek yn Ljouwert in 53-jierrige Ljouwerter oanhâlden om't er mei drugs op yn in stellen auto ried. De bestjoerder luts de oandacht om't hy slingerjend oer de dyk ried.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

De plysje kaam de bestjoerder tsjin op de Groningerstraatweg. De aginten lutsen it kentekennûmer nei, wêrnei't dúdlik waard dat de auto stellen wie op It Hearrenfean.

Doe't de plysje de Ljouwerter foar heling oanhold, die út in speekseltest bliken dat de man kokaïne en amfetamine brûkt hie. Op it buro folge in bloedproef.

De man is ynsletten foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)