Meiwurkers supermerk krije gjin rol as plysje by mûlkapkeplicht

01 des 2020 - 12:37

Winkellju moatte klanten dy't wegerje in mûlkapke te dragen bûten sette. Dogge sy dat net dan kinne boargemasters de ûndernimmer in boete oplizze of sels in winkel slute. Dêr warskôget it Veiligheidsberaad foar. Winkellju komme dêrtroch yn in drege posysje, want sy wolle fan har personiel gjin hanthaveners meitsje.

Mulkapkesplicht

Sûnt tiisdei jildt yn iepenbiere gebouwen in mûlkapkeplicht. Dus ek yn supermerken. "Winkels moatte derop lette, dat dogge we ek", seit Jan Hoitema fan supermerk Poiesz. "We ha al by al ús winkels in gasthear of -frou. Dy meitsje bygelyks de karkes skjin, mar se ha der no in taak bykrigen: minsken freegje om in kapke op te dwaan."

Foto: Omrop Fryslân

Oant no ta giet dat hiel goed, fernimt Hoitema. "Sûnt der in advys jildt om mûlkapkes te dragen, is ús byld dat it hieltyd better wurdt. Klanten dy't it earst net diene, dogge it no wol."

Net plysje spylje

Mar as der dochs in klant is dy't it net wol, dan sil supermerkpersoniel net as hanthavener yn aksje komme. "Yn dy rol wolle we ús meiwurkers net pleatse", seit Hoitema. "We wolle gjin hanthaveners fan se meitsje." Dêrtroch rinne de saken wol risiko op in boete. Brânsj-organisaasje CBL oerleit mei de oerheid oer de oanpak. "We wize ús klanten derop en we besykje se te oertsjûgjen om it op te dwaan. Dat is de rjochtline. We jouwe ús meiwurkers net de rol fan plysje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)