Hieltyd mear swiere drugskriminelen oppakt yn Fryslân

01 des 2020 - 11:40

Yn Fryslân binne hieltyd mear swiere drugskriminelen aktyf. Sa binne der tiisdei ynfallen dien yn in grutte drugssaak: yn Wolvegea en op It Hearrenfean waarden fiif minsken oppakt. Earder dit jier binne der op ferskate plakken yn Fryslân tsientallen fertochten oppakt foar ûnder oare ynternasjonale drugshannel. Geregeld treft de plysje swiere wapens oan.

Foto: De Vries Media

Begjin maart dit jier rôle de plysje in grutte drugsbinde op, yntusken bekend as de Vidar-saak. Mei elkoar binne der yntusken 28 fertochten oppakt. De Vidar-saak draait om grutskalige drugshannel. De plysje die ynfallen yn ûnder oare Westergeast, Surch, Ljouwert en Noardburgum en der waard in drugstransport fan 86 kilo speed nei Finlân ûnderskept. Om de binde op te rôljen waard in kriminele boargerynfiltrant ynset.

De rjochtbank hat besletten om tsien fertochten tydlik frij te litten omdat it noch wol oardel jier duorje kin foardat de saak ynhâldlik behannele wurdt. De fertochten krije in elektroanyske ankelbân en in kontaktferbod: se meie gjin kontakt sykje mei de meifertochten.

Wapen- en drugshannel

Yn febrewaris kaam de plysje yn aksje tsjin ynternasjonale wapen- en drugshannel. Wapens kamen út East-Europa en waarden yn Nederlân en België ferhannele. Justysje die ein febrewaris op 17 plakken ynfallen yn Noard-Nederlân. By de sykaksjes fûn de plysje ûnder oare kalasjnikovs, mar ek oare swiere wapens en drugs. It haadkantoar wie de kringloopwinkel yn it sintrum fan Easterwâlde. Der sitte yn dizze saak noch sân minsken fêst.

Organisearre kriminaliteit yn haven Harns

Yn oktober waard bekend dat de havens yn it Noarden fan Nederlân, wêrûnder dy fan Harns, oantreklik binne foar de organisearre kriminaliteit. Dat blykt út ûndersyk fan Pro Facto, yn opdracht fan it Onderzoeksprogramma Politie en Wetenschap. Echte konkrete ynformaasje hat de plysje net oer organisearre kriminaliteit yn de havens fan Harns, Lauwerseach, Delfzijl en Eemshaven, mar der binne wol fermoedens dat der sprake fan is.

"Niemand weet eigenlijk wat er zich afspeelt in de havens. Er worden niet zo veel controles gehouden en er is niet zo veel toezicht", leit direkteur Niko Struiksma fan Pro Facto út. "Wat ook bijzonder is, is dat de havens, voornamelijk die van Harlingen, erg toegankelijk zijn. Je kunt er dag en nacht in."

De haven fan Harns - Foto: Shutterstock.com (T.W. van Urk)

Drugslabs

De lêste jierren treft de plysje ek mear drugslabs oan, sa docht bliken út sifers dy't yn septimber bekend makke binne. Op 13 febrewaris fan dit jier die de plysje in ynfal yn de pleats yn Wânswert. It gie om in aktyf lab yn in buorkerij achterôf, dêr't nei alle gedachten methamfetamine (crystal meth) produsearre waard.

Dêrneist waard der noch in lab yn oanbou ûntdutsen. Ek trof de plysje in grutte hoemannichte einprodukt fan in syntetyske drug oan, mei in strjitwearde fan sa'n 4 miljoen euro. In pear wike lyn waarden twa fertochten út Almere en Amsterdam oppakt, dy't ek by oare drugslabs yn it Noarden aktyf wiene.

Yn septimber hat boargemaster Fred Veenstra fan gemeente De Fryske Marren in pleats oan de Pontdyk yn Langwar slute litten. Dêr is earder dit jier yn in stâl in drugslab fûn, dat brûkt wêze soe foar de produksje fan amfetamine.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer drugskriminaliteit yn Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)