KNMI siket delslachwaarnimmer yn West-Skylge

It KNMI siket nije delslachwaarnimmers, wêrûnder ien út West-Skylge. De waarnimmer moat deistich op in fêst tiidstip harren delslachmeter ôftaapje. Minsken mei ynteresse kinne kontakt opnimme mei it KNMI.
West-Skylge © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
De nije delslachwaarnimmer moat beskikke oer in iepen en romme tún fan op syn minst 6 by 6 meter. Ek moatte der gjin grutte obstakels om de tún hinne stean. De waarnimmer krijt in KNMI-reinmeter dy't sy alle dagen om 9.00 (wintertiid) of 10.00 (simmertiid) hinne ôftaapje moatte. De wearden jouwe se troch oan it KNMI.
Om't oer lytse ôfstannen hiel bot ferskille kin hoefolle delslach oft der falt, hat it KNMI neist automatyske waarstasjons ek in netwurk fan delslachwaarnimmers.
Dat netwurk bestiet al sûnt 1866. Harren waarnimmingen wurde brûkt as referinsje foar de automatyske waarstasjons en radar, en drage by oan de warskôgingen foar ekstreem waar, klimaatûndersyk en ferwachtingen fan bygelyks drûchte.