Gerjochtshôf docht útspraak yn heger berop saak-Van Seggeren

01 des 2020 - 10:53

It gerjochtshôf yn Ljouwert docht tiisdei útspraak yn de saak-Van Seggeren. Fjouwer wike lyn easke it Iepenbier Ministearje tweintich jier sel tsjin Jessica B., de widdo fan Tjeerd van Seggeren. Neffens it IM is se meiplichtich oan de moard op Van Seggeren.

Foto: De Vries Media

It IM tinkt dat in omke fan B., Uwe D., Van Seggeren om it libben brocht hat. Ferline jier feroardiele de rjochtbank de frou ta 20 jier sel, mar se gong tsjin dizze straf yn heger berop.

De widdo is folslein tarekkenber. Neffens it IM binne der oanwizingen dat de widdo in hantlanger hie. Dat soe har omke Uwe D. wêze. Yn april kaam in brief binnen dy't skreaun wêze soe troch D., wêryn't er tajout ferantwurdlik te wêzen foar de dea fan Van Seggeren. "Ik liet de stang uit mijn jas glijden. Ik haalde uit en sloeg hem steeds weer, hij bewoog niet meer en ik reed weg." Uwe D. kin sels net mear heard wurde oer de brief, want hy ferstoar yn maart fan dit jier.

Jessica B. belutsen neffens IM

Neffens it IM is Jessica B. direkt by de moard belutsen. "Wie nou precies wat heeft gedaan, is niet van belang. De rol van de verdachte is zo groot dat van medeplegen sprake is", sei de advokaat-generaal earder.

De widdo ûntkent elke belutsenheid. "Ik mis mijn man nog elke dag. Had ik het gedaan, dan had ik het wel gezegd." De advokaat fan de frou easke frijspraak, want neffens him is der gjin hurd bewiis. "Het Openbaar Ministerie stapelt speculatie op speculatie."

Skeafergoeding

Van Seggeren waard yn july 2017 dea oantroffen by De Westereen. De famylje fan Van Seggeren wol in skeafergoeding en in hegere straf foar de fertochte, fanwegen de 'gruwelijkheid' en it feit dat se trije jonge bern har heit ûntnaam ha soe.

"De famylje fynt it ferskriklik dat sy de dieder is", seit de advokate fan de famylje Van Seggeren. "Se sjogge har wol as de dieder fan de moard op Tjeerd. Allinnich se fine it freeslik dat dit no bart, en dat dizze mem fêst sit. Want de bern fan Tjeerd en de fertochte misse harren heit, mar misse ek de mem."

Folgje it twitterferslach fan Auke Zeldenrust

It gerjochtshôf docht fan 13.00 ôf útspraak. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is derby en docht op Twitter ferslach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)