De Alde Feanen, Thialf of Thús: dit binne de 41 nominaasjes foar de Arriva-treinen

01 des 2020 - 10:26

Mei yngong fan takom maitiid rydt Arriva mei achttjin nije treinen yn Fryslân en Grinslân. Dy moatte allegear in namme krije, wêrfoar't de ferfierder in priisfraach útskreaun hat: elkenien koe in favorite 'bestimming' trochjaan. Dêrfan hat Arriva der no 41 útkeazen. De achttjin seleksjes mei de measte stimmen komme op de treinen.

Foto: Arriva

19 fan de 41 bestimmingen binne yn Fryslân en twa binne yn beide provinsjes: it Waad en de Lauwers. Guon bestimmingen yn Fryslân ha yn de nominaasjes de Nederlânske namme meikrigen, lykas Elfstedentocht, Holwerd aan Zee en de Oldehove.

Goed 3.000 minsken ha bestimmingen ynstjoerd. In sjuery mei deputearren út beide provinsjes, NDC-haadredakteur Evert van Dijk, ûndernimmer Ben Woldring, keunstner Joop Mulder, skriuwster Nynke de Jong en Arriva-baas Anne Hettinga hat dêrnei de folgjende seleksje makke:

Fryslân: 11 Fountains, Bokwerd, Brandaris, De Alde Feanen, De Lauwers (ek yn Grinslân), De Potmarge, De Slachte, Elfstedentocht, Griend, Het Wad (ek yn Grinslân), Holwerd aan Zee, Kale Duinen, Middelsee, Oerol, Oldehove, Reaklif, Snitser Mar, Thialf, Thús, Woudagemaal, Zwarte Haan

Grinslân: 't Roegwold, Blauwestad, d'Olle Grieze, De Drie Gezusters, De Lauwers (ek yn Fryslân), De Veenkoloniën, De Waterwolf, Doodstil, Graanrepubliek, Hangende Keukens, Het Wad (ek yn Fryslân), Hongerige Wolf, Hoornse Plas, Museumspoorlijn STAR, Noar hoes, Noorderhaven, Noorderzon, Noordpolderzijl, Peerd van Ome Loeks, Pieterpad, Ruiten Aa, Westerwolde

Stimme kin oant en mei snein 6 desimber op arriva.nl/namenwedstrijd. Begjin 2021 makket Arriva de 18 definitive nammen bekend.

Trefwurden: 
trein Arriva bestimming
(Advertinsje)
(Advertinsje)