Winkellju moatte dragen mûlkapkes tsjekke: "Verantwoordelijk voor eigen winkel"

01 des 2020 - 09:58

Mei yngong fan tiisdei is it ferplicht om in mûlkapke te dragen yn iepenbiere romten. En de eigeners fan dy romten binne der sels ferantwurdlik foar dat minsken har deroan hâlde. Sa moatte winkellju minsken bûten sette as se in mûlkapke net op dogge.

Foto: Omrop Fryslân

Dat is logysk, fynt boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. "Het is jouw winkel, dus jij bent er verantwoordelijk voor wat er in je winkel gebeurt. Het is voor de handhavers ook onmogelijk om iedere winkel binnen te gaan om te kijken dat mensen zich eraan houden. Dus als je je winkel opent, moet je erop letten dat mensen een mondkapje dragen."

Boete of winkel ticht

As de winkellju dat net dogge, dan kinne boargemasters in boete oplizze of sels de winkel slute. De mûlkapkeplicht wie neffens Buma benammen in winsk fan de Twadde Keamer. "Ik vind het goed dat de plicht er komt, maar als ik kijk naar Fryslân, dan houden veel mensen zich er al aan."

Ofrûne wykein wie it drok yn de stêd, mei minsken dy't ynkeapen diene foar de feestdagen. En ek de kommende wiken wurdt drokte ferwachte. Buma ropt minsken op om benammen yn de moarntiid nei de winkels te gean. "'s Ochtends is het nog steeds heel rustig, terwijl de winkels dan wel open gaan. Het is niet nodig om na de lunch de stad in te gaan. Ik snap het wel, het is een leuk uitje, maar alles is nu anders."

Sybrand Buma oer de nije maatregels

(Advertinsje)
(Advertinsje)