Pietblog: Piet Paulusma 35 jier by Omrop Fryslân

01 des 2020 - 19:03

In heuchlike dei! Op de dei ôf 35 jier lyn makke waarman Piet Paulusma syn debút by Omrop Fryslân op de radio. Hy naam it moarnswaarberjocht oer fan Hans de Jong fan De Gordyk. It wie it begjin fan in lange karriêre dy't him in soad ferneamdens opsmiet yn Fryslân, mar ek yn de rest fan it lân.

De hiele dei troch is der by de Omrop omtinken foar it jubileum op radio, tv en ynternet. Ek sil de hiele dei dit liveblog byhâlden wurde mei ferhalen, bylden en reportaazjes oer wat op dizze dei bart.

19:00
Ein fan it Pietblog

Hjirmei is der in ein kaam oan it liveblog ta eare fan it jubileum fan Piet Paulusma by Omrop Fryslân. Oer fiif jier binne we der wer mei in nij liveblog. Oant dan!

18:15
Profyl: Piet Paulusma fan 8 novimber 2004
17:30
It Petear: Piet Paulusma fan 24 jannewaris 1995
17:15
Piet 35 jier by de Omrop

Piet Paulusma 35 jier by Omrop Fryslân

16:30
"Sis asjebleaft net 'oant moarn'!"

Piet syn bern by de radio

"Ik wit it noch wol, dat se by SBS woene dat hy in moaie ôfsluter hie. Dan soene se dat 'oant moarn' dwaan. Ik sei 'doch dat asjebleaft net, want ik skamje my dea'", fertelt Martsje, de dochter fan Piet. Tegearre mei har broer Kees is sy by it radioprogramma De middei fan Fryslân.

14:20
'Oankrûperswaar'

Yn de Pietcast fan twa wiken lyn waard Piet syn 35-jierrich jubileum ek bepraat, sa gie it bygelyks oer 'oankrûperswaar'.

13:55
"Ik sjoch altyd 'Hart van Nederland', mar dêr binne jo net mear, dan doch ik it gau út"

Berjochten op it antwurdapparaat fan de Piet Paulusma-lokwinsk-telefoan

Wolsto Piet Paulusma ek lokwinskje mei it bysûndere jubileum? Sprek dan in boadskip yn op de Piet Paulusma-lokwinsk-telefoan: 058-7009 777.

13:40
De Omropredaksje oer Piet

Ek de kollega's op de Omropredaksje hawwe in protte oer Piet te sizzen.

Kollega's oer Piet

Trefwurden: 
Piet Paulusma jubileum
(Advertinsje)
(Advertinsje)