Fertochten Wolvegea al langer yn byld: "Ze zorgden voor een angstcultuur"

01 des 2020 - 17:40

De plysje hat tiisdei seis minsken oanholden yn Wolvegea en op It Hearrenfean. Sy wurde fertocht fan hannel yn harddrugs, it wytwaskjen fan jild en it foarmjen fan in kriminele organisaasje. Se fierden de drugs nei Skandinavië. De plysje hat tiisdei ek seis huzen en ferskate bedriuwspannen trochsocht yn beide plakken. De oppakte minsken soargen foar in eangstkultuer yn Wolvegea, sa seit boargemaster André van de Nadort. "We roepen mensen op die ervaringen met de groep hebben zich te melden. Zo kunnen we de zaak alleen maar sterken."

Drugs Wolvegea

De seis fertochten binne manlju fan 20, 25, 27, 30 en 36 jier út Wolvegea en It Hearrenfean. De plysje hie de fertochten al langer yn byld, mar hat wachte mei de ynfal om de saak rûn te krijen. Yn de bedriuwspannen hannelen de fertochten yn auto's dy't net op namme stiene, of se diene by de hannel swarte betellingen, seit de plysje. Sa wosken se it jild wyt dat se fertsjinnen mei de drugshannel.

Harddrugs en kontant jild

By de trochsikingen fûn de plysje kilo's harddrugs, in nepwapen, sa'n 15.000 euro oan kontant jild, nepjild en tritich silinders gniisgas.

Plysjesjef Marjolein Wildeman

Eangstkultuer

Neffens boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf holden de manlju har net allinnich dwaande mei kriminele aktiviteiten, mar wiene se ek 'yntimidearjend' oanwêzich yn Wolvegea, benammen yn it hoarekagebiet soargen se foar oerlêst en problemen: "De leden van deze groep gedragen zich alsof zij de baas zijn op straat", seit Van de Nadort. "Ze zorgden voor een angstcultuur. Zo bezochten ze gemeenteraadsleden thuis en zorgden ze voor overlast bij het uitgaan. Ze lieten zich duidelijk horen in de kroegen en intimideerden anderen."

It wie foar de plysje dreech om de saak rûn te krijen, om't in protte minsken net sprekke wolle. "Maar dat gaat nu met al het bewijs lukken. Wel roepen we mensen op om hun verhaal nu ook te doen. Als je aanvaringen gehad hebt met deze groep, kunnen we dat in het dossier meenemen en de zaak aansterken." De plysje slut net út dat der noch mear minsken oanhâlden wurde.

Boargemaster André van de Nadort

(Advertinsje)
(Advertinsje)