Kollum: "Troch taslaggen nei de bliksem"

01 des 2020 - 08:09

"Lit ik úteinsette mei in rychje krantekoppen: 'Belastingdienst werkte ouders die recht hadden op kinderopvangtoeslag bewust tegen'; 'Fiscus frustreerde onderzoek naar kinderopvangtoeslag'; 'Belastingdienst pakt klokkenluider opvangtoeslag aan'; 'De Belastingdienst procedeerde jaren tegen ouders zonder bewijs'.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

In lytse seleksje fan berjochtjouwing oer de saneamde taslagge-affêre. It byld dat dêrút opriist is net allinne dat fan bestjoerlik ûnfermogen, mar benammen dat fan bewuste mislieding, fan it bewust framen fan slachtoffers as fraudeurs en fan it eliminearjen fan kloklieders, minsken dy't dizze ellinde oan 'e kaak stelden.

Soks is folle slimmer as ûnkunde of de sûpengroattenbrij fan burokrasy. It docht jin tinken oan it wurk fan Franz Kafka, wurk dat typearre wurdt troch in nachtmerje-eftige, sinistere sfear, it gegeven fan boargers dy't troch in anonym, ôfgryslik bestjoersapparaat bewust fermoarzele wurde. Hoewol't dat anonime bestjoersapparaat ôfrûne wike feroare yn in meunster mei in protte koppen.

Ien fan dy koppen wie dy fan Eric Wiebes, de eardere steatssekretaris fan Finânsjes en ferantwurdlik foar de 'kinderopvangtoeslag'. De man dy't himsels oait nochris yn 't bad filmje litten hat, wylst er, jawol, Kafka siet te lêzen. Dy Eric Wiebes hat dus better witten. Mar dat wjerhâlde him der net fan om de Twadde Keamer foar te ligen, yn syn antwurden op de fragen fan Pieter Omtzigt oer de misstannen by de Belastingdienst. Dat joech er no foar in ferbjustere Keamerkommisje ta. Hy sei dat er meiferantwurdlik wie, mar wiisde ek rap nei 'de hiele polityk'.

Oan 'e ein fan it ferhoar prevele er, krekt foar't er syn mûlkapke foar die, hoe ferskriklik it wol net wie. In patetyske aksje, sa dúdlik ek foar de bühne bedoeld dat ik der spontaan fan yn de skiterij rekke. Lige, misliede, ûntkenne en nei oaren yn it bestjoerlik apparaat wize. Miskien hat Wiebes Kafka te goed lêzen, en hat er him sa bot mei dy syn anonime oerheid identifisearre dat er sadwaande de boarger, dy't er beskermje moatten hie, mei ien streek fan de pinne fermoarzele.

Fansels wie Wiebes net de iennichste akteur yn dat stik fan djippe treurichheid. Lodewijk Asscher sei bygelyks dat er net yn 'e gaten hie hoe'n berch ellinde derachter siet, Menno Snel dy't stelde dat de broek him fan de kont sakke, Tamara van Ark dy't de earste ôfslach mist hie en Mark Rutte dy't fan in ferskriklik ûngelok spruts. Byldspraak, metafoar en kwotes foar de tribune. Alles om it eigen hanneljen en falen te bedekken. Doe't dúdlik waard dat dêrtroch 9000 húshâldens nei de bliksem giene, hat net ien yngrepen en in hân útstutsen. De strategy wie: safolle mooglik ferbergje, sa min mooglik tajaan.

Sa'n kultuer, sa'n systeem en mentaliteit is funest. Hoe't soks trochbrutsen wurde kin is de fraach. Mar ekskuzen en konsekwinsjes lûke út ferkeard hanneljen soe in begjin wêze. En in romhertich kompensearjen fan dy 9000 húshâldens foar de ein fan 't jier."

(Advertinsje)
(Advertinsje)