De Nachtwacht op wiere grutte yn Dokkumer ferpleechsintrum De Waadwente

01 des 2020 - 13:59

Fiif meter breed en fjouwer meter heech: dat binne de ôfmjittings fan de replika fan De Nachwacht dy't tiisdei opboud wurdt yn ferpleechsintrum De Waadwente yn Dokkum. No't de kwetsbere bewenners fanwege it coronafirus net nei it Rijksmuseum yn Amsterdam kinne, komt it museum nei harren ta.

Fan 1 oant 8 desimber is it foar de bewenners fan De Waadwente mooglik om De Nachtwacht fan tichtby te besjen. It Rijksmuseum hat trije replika's makke fan De Nachtwacht op wiere grutte. Tolve wiken lang meitsje de replika's in tour by ferpleechhûzen en senioarelokaasjes yn Nederlân del. De replika is de grutste en meast detaillearre foto dy't ea fan De Nachtwacht makke is.

Oprop

"Wij zagen op internet een oproep, dus ik heb ons ervoor aangemeld", fertelt Alie Lucas fan ZuidOostZorg, dêr't De Waadwente ûnder falt. "Dat zo'n bekend schilderij als De Nachtwacht bij ons te zien is, is natuurlijk uniek." De soarchorganisaasje fynt keunst wichtich en fynt dat har bewenners dêr tagong ta hawwe kinne moatte. "Kunst kan veel toegevoegde waarde hebben."

De Waadwente wol net allinnich omtinken besteegje oan de skilder fan De Nachtwacht, Rembrandt van Rijn, mar ek de grutmaster yn har bewenners yn it ljocht sette. "Iedereen is oude meester op zijn eigen vlak. We willen mensen vragen waar zij goed in zijn en daar een nieuwe expositie mee maken", leit Lucas út.

Online tour

Neist de eksposysje fan de replika binne der ûnder oare ek in workshop en in online tour troch it Rijksmuseum te folgjen. Yn ferbân mei de coronamaatregels is it keunstwurk foar besikers fan bûten De Waadwente eltse dei te besjen tusken 10.00 en 14.00 oere, útsein yn it wykein.

Alie Lucas fan ZuidOostZorg

(Advertinsje)
(Advertinsje)