Piet Paulusma 35 jier by Omrop Fryslân: "It waar stiet op it earste plak"

Op de dei ôf 35 jier lyn makke waarman Piet Paulusma syn debút by Omrop Fryslân op de radio. Hy naam it moarnswaarberjocht oer fan Hans de Jong fan De Gordyk. It wie it begjin fan in lange karriêre dy't him wrâldferneamd makke yn Nederlân.
In blomke foar Piet
"Piet syn ynteresse yn it waar begûn ein jierren 70. Doe die hy in kursus fan Teleac." Joke Hofstee, de eardere frou fan Piet Paulusma, wit eins net better dat it waar altyd foarop stiet yn syn libben. "Dy kursus bin ik begûn nei in jûn stappen mei in freon yn Frjentsjer", seit Piet Paulusma. "Dat wie mei de sniewinter. It reinde earst, dêrnei gie dat oer yn izel. Ik sei doe: dit giet mis. En de folgjende dei hiene we in pak snie en koe net ien nei it wurk. Doe tocht ik: dit kin ik wol."

Waarnimmingen

Joke: "Piet kocht de boeken, mar hie gjin tiid om it op telefyzje te folgjen." Hy waard waarnimmer: "Piet wurke doetiids noch by de PTT. Syn dei begûn altyd mei in kuier nei it waarhúske yn Frjentsjer. Dat stie by Blomketerp." De waarnimmingen joech hy troch oan Hans de Jong, de man dy't hy letter opfolge.
Piet Paulusma 35 jier by Omrop Fryslân
Waarberjocht fan Piet Paulusma
Letter ferhuzen Piet en Joke nei Hjerbeam. Dêr waard alles wat serieuzer. Piet waard lid fan de Dútske waartsjinst en kocht in grutte swiere printer om waarkaarten út te draaien. Hy regele sels dat hy wittenskiplike begelieding krige foar it better ynsjoch krijen yn it waar.
De earste waarberjochten makke Piet Paulusma foar de Franeker Courant. Dêrnei kaam de radio, it Friesch Dagblad, RTV Noord en tal fan oare media. Yn 1994 ferskynde hy foar it earst op telefyzje. Hy makke it wykeinwaarberjocht foar Omrop Fryslân.
Wy hawwe hiel faak op fakânsje west en dan kaam Piet yn it wykein. Dêr wenne je oan.
Joke Hofstee, eardere frou fan Piet
It waar hat ek in kearside foar syn famylje, seit Joke Hofstee. "It waar stie en stiet altyd op it earste plak. Wy hawwe hiel faak op fakânsje west en dan kaam Piet yn it wykein. Dêr wenne je oan. Mar, hy wie der jûns altyd om de bern foar te lêzen. Dan kombinearre hy Jip en Janneke mei ferhalen dy't hy sels meimakke."

Soad minsken oer de flier

Op de fraach wat it waar de famylje Paulusma brocht, antwurdet Joke: "In soad minsken oer de flier. Dat fyn ik noflik. Bygelyks yn de winters. Dan hie Piet de wrâld oan sjoernalisten op besite. Prate hy mei de ien dan siet de folgjende ôfspraak by my oan de kofje." Mar de groeiende bekendheid hie ek in skaadside. Sadree't Piet ferneamd waard yn Nederlân kaam ek de rabberijparse om 'e hoeke: "Tsjin wil en tank steane je dan midden yn de belangstelling. Dat hie om my net hoegd", seit Joke.
Joke Hofstee
Piet syn lanlike trochbraak wie te tankjen oan de Alvestêdeferiening. Paulusma: "Dat wie doe mei dy lange Alvestêdekoartswinter fan 1995-96 en 1996-97. Doe stie ik midden yn de belangstelling. Ik haw wolris tsjin Henk Kroes sein dat hy de basis lein hat foar myn lanlike karriêre."

Basis mei Henk Kroes

Beide manlju hawwe al sûnt midden jierren 80 kontakt. Kroes woe as iismaster fan de feriening mear witte oer iisgroei. Hy socht kontakt mei waaramateurs. Mei help fan de amateurs woe Kroes yn byld krije hoe't iis groeit. "Yn it bûtenlân lykas Kanada is it in serieuze stúdzje. Hjir witte wy eins neat. Sels seach ik alle dagen by De Swette. Underweis nei myn wurk yn Olterterp (by It Fryske Gea, red.) die ik winterdeis mjittingen."

In man fan it fjild

Kroes wie bliid mei de help fan Piet. De iismaster socht minsken mei doel oer Fryslân. Dy't witte wat de streaming is yn it wetter en hoe't it iis groeit. "Dêr hawwe je mear oan as in algemien byld dat makke is troch minsken efter in buro. Dy hawwe dat gefoel net. En Piet is in man fan it fjild", seit Kroes.
Dy begjin jierren 80 wie der fan lanlike meteorologen krityk op de Alvestêdeferiening. Kroes: "Dan seinen sy dat de tocht wol organisearre wurde koe." Dat kaam fan waarmannen as Henk Otten en John Bernhard: "Dêr bin ik wolris hiel lulk op wurden. Want it giet om 200 kilometer rûte! Je kinne der allinnich mar in byld fan krije as je der sels op steane! De omstannichheden yn Harns binne folslein oars as yn de Súdwesthoeke. Dêr hâlde je efter in buro gjin rekken mei. Piet die dat al. Hy joech advys en sei: dit is wat ik tink en no is it oan jimme."
Henk Kroes
Hy frege hoe't ik dêr oer tocht. Ik haw sein: goed, ast de Omrop mar trou bliuwst.
Einredakteur Sjoerd Ybema

"Wy moatte nei bûten"

As Omrop Fryslân yn 1994 begjint mei telefyzje-útstjoeringen set Piet útein mei it wykeinwaarberjocht. De earste útstjoering die er yn de studio oan de Nijstêd yn Ljouwert. De einredakteur doe wie Sjoerd Ybema: "Ik haw de útstjoering mei Piet sjoen en wy wiene it der gau oer iens: wy moatte nei bûten." Fan dat momint ôf gie Piet nei bûten ta. Earst op it terras njonken de redaksje. Dêrnei luts hy de provinsje yn. Ybema: "Sa hawwe wy derfoar soarge dat syn waarberjocht nei bûten gie."
Yn 1996 gie hy foar SBS6 wurkjen. Ybema: "Hy frege hoe't ik dêr oer tocht. Ik haw sein: goed, ast de Omrop mar trou bliuwst." Piet wurket goed 23 jier by SBS. Nei't it kontrakt opsein is, stapt Piet oer nei Omroep MAX.

Waar of gjin waar

Mar al dy tiid is hy Omrop Fryslân trou bleaun. Eltse moarn wer, waar of gjin waar. En hy hat leard fan it ferline: sa no en dan wat rêst nimme is net ferkeard. Mar ek wer net tefolle fansels.
Wolsto Piet Paulusma lokwinskje mei it bysûndere jubileum? Sprek dan in boadskip yn op de Piet Paulusma-lokwinsktelefoan: 058-7009 777.
In seleksje fan it boadskippen litte wy tiisdei op ferskate mominten hearre by ús op de radio. En hâld ek omropfryslan.nl yn de gaten, dêr hâlde wy de hiele dei in liveblog by mei ferhalen, bylden en reportaazjes oer wat op dizze dei bart.