Argewaasje oer ferheegjen toeristebelesting Appelskea

30 nov 2020 - 22:35

Der is argewaasje oer de plannen fan de gemeente Eaststellingwerf om de toeristebelesting yn de regio mei 40 prosint te ferheegjen. Fan 1 euro de nacht nei 1,40. De ûndernimmers binne benaud dat de ferheging harren klanten kostje sil.

Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Yn novimber hat de gemeenteried fan Eaststellingwerf al ynstimd mei de ferheging fan de toeristebelesting, mar om't de feroardering yn desimber noch fêststeld wurde moat, stjoere de ûndernimmers no in brânbrief. Se tinke dat benammen groepsreizen, lykas dy fan skoallen as bedriuwen, in alternatyf sykje sille as de rekken ynienen 40 prosint heger is. "Dit soort organisaties kampt met krappe budgetten, en hier vormt toeristenbelasting een onderdeel van het gehele budget", seit Jan Henk Veenhouwer, foarsitter fan Regio Appelscha 3.0.

Veenhouwer tinkt dan ek dat de ferheging de gemeente net in soad opsmite sil, om't de besetting nei ûnderen rinne sil. Yn in rûge berekkening op basis fan sa'n 30.000 oernachtings, soe de ferheging de gemeente sa'n 12.000 euro opsmite moatte.

En dat is neffens Veenhouwer 'peanuts' op in opbringst fan 300.000 euro oan toeristebelesting. "Maar voor de betreffende ondernemers is het van groot belang voor hun exploitatie. Daarnaast profiteren andere ondernemers zoals de slager, de bakker, de fietsenverhuur, en de supermarkt ook mee als de groepsaccommodaties goed bezet raken." Hy ropt it gemeentebestjoer dan ek op om hjir rekken mei te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)