Poaterboeren yn noed oer natuerplannen om seediken mear iepen te meitsjen

30 nov 2020 - 21:39

Natuerplannen om seediken mear iepen te meitsjen binne desastreus foar bouboeren en de ekonomy yn de Waadregio. Dat seit ierappelboer en foarsitter fan it Nederlandse Akkerbouw Vakbond Teun de Jong.

Foto: Omrop Fryslan

Benammen poaterboeren yn it gebiet krekt ûnder de Waadseedyk komme mei in needgjalp. De Waadregio's binne tige geskikt om poaters te ferbouwen, mar dat komt hieltyd mear yn 'e knipe mei de natuerdoelen foar dat gebiet.

It komt der op del dat natuerorganisaasjes de diken mear iepen hawwe wolle, sa komt der ek mear sâlt wetter efter de seedyk, en dat is net goed foar it gewaaks. Yn de Twadde Keamer wurdt tiisdei praat oer de konseptaginda Waadgebiet 2050. Underdiel dêrfan is it mear iepenstellen fan de diken.

Harkje nei in petear mei Teun de Jong

Trefwurden: 
ierappel Waadseekust poater
(Advertinsje)
(Advertinsje)