"It is ûnbegryplik dat it stichtingsbestjoer krekt no in bom leit"

30 nov 2020 - 21:30

Fuotbaljend hat SC Cambuur alles perfekt op 'e rit, mar dêrbûten is it de lêste wiken flink yn 'e war. Earst kaam it nijs dat de bou fan it nije stadion stillein wurdt en in pear dagen lyn ûntplofte de bom yn de Ljouwerter bestjoerskeamer. Genôch om oer te praten yn de nije SportCast. Fansels giet it ek oer SC Hearrenfean, dat yn Den Haag net fierder kaam as in lykspul.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Ype Smid hie yn de eagen fan it stichtingsbestjoer fan Cambuur de nije foarsitter wurde moatten fan de ried fan kommissarissen. Mar, doe't de plannen fan it stichtingsbestjoer útlekten, ûntstie der in soad opskuor. Direkteur Gerald van den Belt en twa kommissarissen woene net mei Smid gearwurkje, wêrnei't er him werom luts.

Ek de supporters lieten harren hearre, hearde ferslachjouwer Andor Faber: "It is net sa dat de supporters tsjin Ype Smid binne, mar it is foaral dat de supporters it wurk fan Gerald van den Belt sa heech sitten hawwe." Ferslachjouwer Arjen de Boer slút him dêr by oan. "Ik tink dat Ype it sentimint by de klup folslein ûnderskatten hat. Van den Belt wurdt sjoen as it gewisse fan Cambuur."

Stichtingsbestjoer

By it hanneljen fan it stichtingsbestjoer wurde fraachtekens set troch de ferslachjouwers. Arjen de Boer: "It is ûnbegryplik dat it stichtingsbestjoer krekt no in bom leit. Der is totaal gjin draachflak." Ek Andor Faber begrypt der neat fan. "Ik snap ek net hoe't je dy kar meitsje kinne. Je witte dat de direksje en de ried fan kommissarissen tsjin binne."

Neffens Roelof de Vries is it in foarm fan narsisme. "By Hearrenfean hawwe je it jierrenlang sjoen dat minsken inoar baantsjes gunne en dat is noch altyd geande. Ype Smid tinkt simpelwei: dat stadion duorret my fiersten te lang, ik knal der wer yn en ik regelje it efkes."

It stichtingsbestjoer mei sels net reagearje, om't algemien direkteur Ard de Graaf de wurdfiering docht fanút Cambuur. Dat hawwe de partijen moandeitemoarn ôfpraat yn in fergadering.

SC Hearrenfean

SC Hearrenfean slagge der net yn om leechfleaner ADO Den Haach te ferslaan. Roelof de Vries hat him net fermakke sneontejûn: "De wedstriid wie net om oan te sjen. As je sjogge nei de kânsen dy't se kreëarje, dan is it net sa min. Mar it is oan de bal hiel matich." Neffens Arjen de Boer falt it wol in slach ta mei de kânsen dy't de Feansters kreëarren. "Ik haw mar twa echte kânsen sjoen. It wie fantasyleas en ynspiraasjeleas fuotbal."

In oarsaak dêrfoar is neffens Roelof de Vries dat tsjinstanners troch hawwe wêr't tsjin Hearrenfean wat te heljen falt. "Ploegen besykje it sintrale duo fêst te setten en de opbou fan Hearrenfean oer de linkerkant gean te litten." As Lucas Woudenberg dan de opbou fersoargje moat, giet it mis. "It is in ferskrikking", fynt Arjen de Boer.

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)