Monumintale Ingelske mûne troch Friezen ûnder hannen naam

30 nov 2020 - 21:06

Hielendal oan de Noardwest kant fan Londen stiet fan moandei ôf in mûne mei in Frysk tintsje. De Upminster Windmill, sa't de mûne offisjeel hjit, is de ôfrûne jierren folslein opknapt troch Willem Dijkstra fan it mûneboubedriuw Bertus Dijkstra yn Sleat.

Foto: Omrop Fryslan

It is in opfallend gebou, dat je eins net oer de holle sjen kinne: de folslein wite mûne, yn de bûtenwyk Upminster yn Londen. De mûne wie der min oan ta doe't Dijkstra yn 2016 úteinsette mei de opknapbeurt. It bedriuw út Sleat krige de opfallende put, fia wurk dat se dien hiene yn Israel, sa fertelt Willem Dijkstra. It gie dêr om de mûne Montefiore yn Jeruzalem.

De Upminster Windmill hat in tige hege ranking op de Ingelske monumintelist, wat betsjut dat er tige wichtich is foar it kulturele lânskip yn Ingelân. It wie foar Dijkstra dan ek in eare om oan it wurk te begjinnen. "It is in houten achtkantige mûne, ien fan de grutsten yn Ingelân."

De mûne waard boud yn 1803. Dit wie ek werom te sjen yn de materialen dy't brûkt binne foar de mûne, sa fertelt Dijkstra.

Foto: Willem Dijkstra

Emosjoneel

It hat yn totaal fjouwer jier duorre, mar moandei koene de kap en de wjukken werompleatst wurde, en wie de mûne lang om let wer folslein. It wie dan ek in moai momint foar Dijkstra: "Ik haw wol eefkes in trien litten. Je wurde troch de Ingelske society frege om dit te dwaan, omdat se sizze dat ik de ienige wie dy't dit dwaan koe. Ja, dan leit dy latte hiel heech." Hy krijt no sels fan de grutste konkurrinten lokwinsken, "se seine dat it 'spot on' wie!"

De triennen kamen net allinnich foar it jierrenlange wurk dat der ferset is oan de mûne. "Ek finansjeel wie it net noflik fanwege de koersferoarings." Dochs binne se alwer dwaande mei nije Ingelske projekten, al bliuwt it noch wol wat spannend hoe't it komt mei de Brexit yn jannewaris.

De Friezen binne no noch in wike dwaande om de lêste saken ôf te meitsjen. It is de bedoeling dat tiisdei de wjukken wer op de wyn draaie.

Trefwurden: 
sleat mûne Londen Upminster
(Advertinsje)
(Advertinsje)