Dochs trije punten foar treasteleas Cambuur: "Dit is ynpakke en fuort wêze"

Mei mar ien skot op doel koe Cambuur moandei Jong PSV ferslaan (0-1). De Ljouwerters hiene it muoilik tsjin de Eindhovenaren, seach ek trainer Henk de Jong: "Dit is ynpakke en fuort wêze."
Henk de Jong
"Wy wiene net goed genôch om derûnderút te fuotbaljen. Dêrom moast ik yn it skoft ek trije kear wikselje", fertelt De Jong. "Doe kamen wy wat mear oan it fuotbaljen. De jonges dy't derút giene wiene net gelokkich oan de bal."
De Jong hat der gjin problemen mei dat it fuotbal net goed wie. "Hjir hat letter nea ien it mear oer. As wy no mei 7-2 of mei 1-0 winne, it binne gewoan trije punten."

It gelok fan de koprinner

Dat de Ljouwerters de punten pakten, hat neffens De Jong in logyske ferklearring. "Dat komt omdatst boppe-oan stiest. Ik ha al meardere kearen kampioen west, dan giet it om soksoarte dingen."
Mitchel Paulissen
Ek Mitchel Paulissen seach dat Cambuur it swier hie. "Ik denk dat dit geen goeie pot was van onze kant, en dan druk ik me nog zacht uit. Maar deze moet je wel winnen. Nu hebben we toch een gaatje kunnen slaan."

'We hebben de beuk erin gegooid'

De middenfjilder tinkt dat de wedstriid fan freed (3-1 winst tsjin Den Bosch) noch meispile. "Dat was ook een zware pot. Vanaf het begin zaten we er vandaag niet lekker in en merkte je dat het moeilijk zou worden. Ondanks dat de kwaliteit minder was vind ik wel dat iedereen de beuk erin heeft gegooid."
Hoewol't it fuotbal dus net al te bêst wie, is Paulissen wol bliid mei de wize wêrop't Cambuur dochs wûn. "Uiteindelijk gewoon een goeie overwinning, Ik ben blij met de arbeid die we geleverd hebben."