Skoalle De Dyk yn Ljouwert in dei ticht fanwege stikkene ferwaarming

Middelbere skoalle De Dyk yn Ljouwert is tiisdei ticht om't de ferwaarming stikken is. De wetterpomp fan de OSG Piter Jelles-skoalle funksjonearret net mear, dêrtroch is it net mooglik om de skoalle op temperatuer te krijen en te fentilearjen, sa't de coronamaatregels foarskriuwe.
© Google Street View
Nei alle gedachten is der ferwaarming tiisdei wer reparearre, sa't de lessen foar vmbo en havo woansdei wer trochgean kinne. Neffens de skoalle krije de learlingen foar it grutste part online lessen oanbean. Toetsen dy't net digitaal hâlden wurde kinne, wurde ferpleatst nei in oar momint.
It skoalbestjoer jout oan te snappen dat learlingen en dosinten net op de situaasje taret binne, bygelyks om't harren boeken noch yn it skoalgebou lizze. Mar 'samen moeten we het beste er van maken,' lit de skoalle witte.