Tsien fertochten yn saak-Vidar earst frijlitten, yn ôfwachting fan proses

30 nov 2020 - 17:39

De rjochtbank lit tsien fertochten yn de Vidarsaak frij, yn ôfwachting fan har proses. De Vidarsaak draait om grutskalige drugshannel. Begjin maart die de plysje ynfallen yn ûnder oare Westergeast, Surch, Ljouwert en Noardburgum en der waard in drugstransport fan 86 kilo speed nei Finlân ûnderskept. Om de binde op te rôjen waard in boarger-ynfiltrant ynset.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Trije fan de tsien fertochten meie woansdei nei hûs, de oare sân oer twa wiken.

De rjochtbank hat besletten om se tydlik frij te litten omdat it noch wol oardel jier duorje kin foardat de saak ynhâldlik behannele wurdt.

De fertochten krije in elektroanyske ankelbân en in kontaktferbod: se meie gjin kontakt sykje mei de meifertochten.

Trefwurden: 
rjochtbank drugshannel Vidar
(Advertinsje)
(Advertinsje)