Undersyk: Grutte mearderheid is fan doel him te hâlden oan mûlkapkeplicht

30 nov 2020 - 17:00

Yn totaal 85 prosint fan de ynwenners fan Noard-Nederlân is fan doel him te hâlden oan de mûlkapkeplicht, sa docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân, RTV Oost, RTV Noord en RTV Drenthe. Fan tiisdei 1 desimber ôf is de nije wet fan krêft om it dragen fan in mûlkapke te ferplichtsjen yn de striid tsjin it coronafirus.

Foto: ANP Foto

Mar fjouwer prosint fan de ûnderfregen antwurdet 'nee ik bin net fan doel my oan de mûlkapkeplicht te hâlden'. Goed 85 prosint is it wis wól fan doel en likernôch tsien prosint stiet der net negatyf foaroer, mar is krekt minder wis fan it dragen fan in mûlkapke as de grutte mearderheid. Op it oertrêdzjen fan de regel stiet in boete fan 95 euro.

Fertrouwen yn mûlkapkes

It ûndersyk, hâlden ûnder ynwenners fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel, frege de dielnimmers ek nei har fertrouwen yn de mûlkapkes. Op de fraach oft men tinkt dat de kapkes nut hawwe, seit sa'n 18 prosint dat se tinke fan net. Lykwols is 42 prosint fan de ûnderfregen derfan oertsjûge dat de kapkes (wat) helpe tsjin de fersprieding fan it coronafirus. De rest fan de minsken is der net wis fan, mar dy twivel liket dus net folle ynfloed te hawwen op it beslút om de beskerming te dragen.

Ferplichting

Oft de plicht foar in soad minsken echt in grutte feroaring is, is noch mar de fraach. Hast acht op de tsien noarderlingen draacht no al in mûlkapke yn publike romten, lykas winkels. Wat mear as in tsiende docht it sa no en dan en mar njoggen prosint fan de ûnderfregen draacht no noait in mûlkapke.

In soad animo

It animo foar in mûlkapkeplicht liket grut. In soad minsken ha argewaasje, yn mear of mindere mate, fan minsken dy't gjin mûlkapke drage. Mar wat minder as in fjirde steurt him dêr net oan.

Ek fine in soad minsken dat it gjin eigen kar wêze moatte soe. Mar in fiifde fan de ûnderfregen stelt dat minsken sels bepale moatte oft se wol of gjin mûlkapke drage. Tagelikertiid binne de minsken dy't oaren konsekwint oanfiterje in mûlkapke te dragen yn de minderheid; mar ien op de fiif noarderlingen docht dat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)