De Friesland: besoarging helpmiddels dien út kostebesparring

30 nov 2020 - 16:57

Soarchfersekerder De Friesland wol helpmiddels net mear by de apoteek ha. Minsken kinne no by de apoteken ferbân, ynkontininsjespul en testmateriaal foar diabetes helje. In protte hjirfan wurdt al online besteld en De Friesland wol fan jannewaris ôf allinne noch mar besoargje. De apoteken binne der net bliid mei, want se wolle it leaver op harren eigen wize dwaan.

Foto: De Friesland

In grut part fan de minsken is wend om it spul by de apoteek op te heljen, mar dat kin takom jier net mear.

"We ha hjirfoar keazen fanwegen it koste-aspekt. Ast mei minder partijen saken dochst, kinst legere prizen ôfprate," leit Nynke van der Meulen, manager by De Friesland út.

"Dêrom is de preemje minder heech as by ús konkurrinten. Dêr ha alle klanten wat oan. It giet om 50.000 klanten dy't dy helpmiddels brûke, dat is minder as 10 prosint fan al ús klanten. De helte fan dy groep, krijt it guod al fia de medysk spesjaalsaken, en hieltyd mear minsken dogge dat."

Neffens Van der Meulen fine minsken it ek noflik dat se it thús besoarge krije. Se begrypt wol dat de apotekers der net bliid mei binne. "Yn oerlizzen is dit punt wol bepraat, mar we passe it net oan nei oanlieding fan de krityk."

De Friesland: besoarging helpmiddels dien út kostebesparring

Nynke van der Meulen

(Advertinsje)
(Advertinsje)