Ljouwerter sikehûs hellet sinteklaasfersiering mei Swarte Pyt fuort

30 nov 2020 - 16:39

It Ljouwerter sikehûs MCL hat sinteklaasfersieringen mei Swarte Piten fuorthelle nei klachten fan besikers. Ferskate ôfdielingen fan it sikehûs hienen de fersieringen út de kast helle en ophongen. Dêr sieten ek noch plaatsjes tusken fan de tradisjonele Swarte Pyt.

Foto: Aise van Beets, Omrop Fryslân

Op Twitter gongen klachten rûn, doe hat de direksje besletten om de fersiering fuort te heljen. Neffens wurdfierder Frits Mostert is de fersiering út de kast pakt en is net oer neitocht oer de kleur fan de piten.

Hy jout oan dat it MCL meigiet mei de ûntwikkelingen fan de piten en dêrom de sinteklaasfersiering fuorthelle hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)