Sel easke tsjin Drachtster pear dat beheinde man útrûpele

30 nov 2020 - 15:51

Tsjin in pear út Drachten is trije jier sel easke, omdat it stel in ferstanlik beheinde man dy't by harren wenne finansjeel útklaaid hawwe soene. Ek soene se de man as in soarte hûsslaaf brûkt hawwe. Dat duorre al mei al tsien jier.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It slachtoffer kaam yn 2009 by it pear te wenjen, om't er net oerwei koe mei de freon fan syn mem. Syn mem krige lykwols it idee dat der wat net kloppe, om't er hieltyd faker om jild frege, wylst er sels wol in ynkommen hie.

It die bliken dat it pear fan alles op namme fan it slachtoffer sette: fan de wegebelesting oan auto's oant telefoanabonneminten. De man betelle ek foar in garaazjeboks, foar de brânstof en foar de boadskippen. Yn 'e hûs die er putsjes, hy sear it iten en makke skjin.

Neffens de fertochten die it slachtoffer it allegear út frije wil, mar justysje leaut dêr neat fan. Njonken de trije jier sel easket justysje ek in kontaktferbod foar fiif jier. It stel moat it jild dat se it slachtoffer ôfpakt hawwe, werombetelje. It soe gean om sa'n 17.000 euro.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Drachten rjochtbank
(Advertinsje)
(Advertinsje)