Trajektkontrôle op N381 tusken Drachten en Donkerbroek begjint moandei

Autobestjoerders dy't te hurd ride op de N381 tusken Drachten en Donkerbroek rinne fan moandei ôf in grutte kâns op in boete. Dan begjint de trajektkontrôle op dy dyk offisjeel.
© SR Fotografie
De gegevens fan minsken dy't te hurd ride, wurde automatysk trochjûn oan it Centraal Justitieel Incassobureau, dat de boetes regelet.
Op de N381 meist 100 kilometer yn de oere, mar der wurdt faak folle hurder riden en der gebeure relatyf in soad ûngelokken. De kontrôle moat de dyk feiliger meitsje. De kontrôle is yn beide rjochtingen en wurket dei en nacht.
Nei de N351 is dit de twadde aktive trajektkontrôle yn Fryslân. By sa'n kontrôle wurdt de snelheid oer in langere ôfstân metten, it giet om de gemiddelde snelheid tusken twa mjitpunten.