RIVM: 111 nije coronabesmettingen

30 nov 2020 - 14:18

Der binne de ôfrûne 24 oeren 111 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat is der ien mear as snein, doe wiene it der 110.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Súdwest-Fryslân (27). Folge troch Ljouwert (18) en Smellingerlân (13).

Yn Fryslân is sûnt snein ien nij stjergefal meld en ien nije sikehûsopname.

Lanlik binne der 4610 nije besmettingen fêststeld. Dat binne der minder as snein, doe't der 5609 nije besmettingen wienen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)