Tellers en stimburo's socht foar lanlike ferkiezings yn maart

30 nov 2020 - 13:56

De lanlike ferkiezings op woansdei 17 maart lykje noch fier fuort, dochs binne ferskate gemeenten no al drok op syk nei stimmetellers. In soad stimmetellers binne 'op leeftiid' en falle dus yn de corona-risikogroep. En ek moatte der ekstra stimburo's komme, om't der net te folle minsken tagelyk by elkoar komme meie fanwegen corona. De grutte fraach is dan ek: binne gemeenten op 'e tiid klear foar de ferkiezings yn maart?

Foto: Omrop Fryslan

Om gemeenten te helpen biede wetterskippen en provinsjes help oan. Meije Gildemacher is wurdfierder fan de mienskiplike provinsjes, it IPO (Inter Provinciaal Overleg) en leit út hoe't dy help der krekt útsjocht. "Om alle minsken te ferdielen, komme der mooglik twa ekstra stimdagen op moandei 15 en tiisdei 16 maart. Dêrfoar binne mear minsken nedich. Provinsjes binne ree om gemeenten te helpen. Tink oan help by it finen fan de lokaasjes, lykas it provinsjehûs, projektburo's of regiokantoaren. Mar ek yn de foarm fan amtners, dy't meihelpe kinne. Alteast, as harren eigen wurk it talit."

Ekstra help is wolkom

Ek de wetterskippen helpe gemeenten graach. Op dit stuit wurdt ynventarisearre hokker lokaasjes en gebouwen fan wetterskippen geskikt binne. "Dêr is in moaie tsjeklist foar lokaasjes mei dêryn alle rânebetingsten", wit Gildemacher. "Wy bringe alles yn kaart en biede dat oan oan de gemeenten." Ekstra help is fan herte wolkom, jout Gildemacher oan. "Wa't noch graach as frijwilliger helpe wol mei it tellen fan de stimmen kin sjen op de webside fan Elke stem telt."

Meije Gildemacher

(Advertinsje)
(Advertinsje)