De Friesland wol helpmiddels net mear by apoteek ha; apotekers fernuvere

30 nov 2020 - 13:08

Apotekers binne net bliid mei it beslút fan soarchfersekerder De Friesland, dy't seit dat alle helpmiddels as ferbân en ynkontininsjemateriaal tenei net mear by de apoteek te heljen binne. Yn plak dêrfan moatte minsken it guod no bestelle. It kin dan oant 24 oeren duorje foardat it spul by de minsken thús is. Apotekers begripe neat fan it beslút.

Foto: De Friesland

"Eins giet it om trije besluten fan De Friesland", seit Jouke de Jong, apoteker yn Drachten en wurdfierder fan de apotekersferiening yn Fryslân. "De prizen moatte omleech, de apoteken meie net mear leverje en alles moat besoarge wurde. Benammen dat lêste fine we it frjemdst, minsken binne dat net wend. Se binne wend om oan de baly te kommen, foar medisinen en dan nimme se tagelyk de helpmiddels mei."

It giet om ferskillende soarten helpmiddels lykas ynkontininsjemateriaal, spul foar minsken mei diabetes, ferbânguod, medysk itenssupleminten en stoma-artikels.

"De Friesland wol mei yngong fan 1 jannewaris dat minsken it guod online bestelle, belje kin ek, dat komt op in sintraal punt binnen en it wurdt dan binnen 24 oeren besoarge. Der is gjin oare mooglikheid: it móát besoarge wurde." It idee dêrachter is dat grutte bedriuwen legere prizen leverje kin. "Mar de prizen lizze fêst."

De Jong fynt dizze ûntwikkeling in achterútgong. Net alle âldere minsken sille har online goed rêde kinne. De helpmiddels bliuwe noch wol yn de apoteek, want se wurkje ek mei oare soarchfersekerders.

Hy hopet dat der noch wol wat oan te dwaan is. "As se sizze: we wolle wol legere prizen, mar we litte jim frij yn hoe't jim dat dogge, en doch dat hoe't jim it wend binne, mar de prizen lizze fêst, dan komt it goed."

Apoteker Jouke de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)