Twa fan de sân stichtingsbestjoersleden fan SC Cambuur stappe op

30 nov 2020 - 12:27

Dirk Visser en Cees Jansma stappe op as leden fan it stichtingsbestjoer fan SC Cambuur. Dat is moandei bekend wurden nei it oerlis oer de rebûlje binnen de Ljouwerter fuotbalklup nei oanlieding fan de nominaasje fan Ype Smid as nije foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen. De oare fiif stichtingsbestjoer-leden bliuwe foarearst oan.

Twa fan de sân stichtingsbestjoersleden fan SC Cambuur stappe op

Moandeitemoarn waard praat oer de situaasje dy't ûnstien is nei de nominaasje fan Ype Smid as de nije foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan Cambuur. De earefoarsitter wie foardroegen troch it stichtingsbestjoer, it heechste orgaan fan de Ljouwerter fuotbalklup. Dy nominaasje soarge foar in soad opskuor yntern. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur liet fuortendaliks witte dat hy opstappe soe as Smid beneamd wurde soe. Dêrom naam Smid úteinlik it beslút om net op it oanbod yn te gean.

It bêste foar Cambuur

Algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur fynt de hiele situaasje ferfelend. "Cees Jansma voelt zich niet gesteund namens z'n achterban en Visser heeft z'n eigen afweging gemaakt om af te zwaaien. Voorlopig is het zo dat de rest aan boord blijft. We gaan met elkaar om tafel. Dat had al eerder gemoeten, maar van daaruit wordt bepaald wat het beste is voor Cambuur. Dat is sportief succes, en dat mag nooit verstoord worden door dit soort randzaken."

De Graaf wol net yngean op hoe't it no fierder komt mei it stichtingsbestjoer. "We moeten nu zoeken naar eenheid en rust in de tent. Dat is waar Cambuur op dit moment behoefte aan heeft. Het stichtingsbestuur heeft aangegeven dat ze op korte termijn met alle partijen om tafel gaan om de situatie te bespreken." De Graaf hat respekt foar Ype Smid, dy't syn nominaasje ôfslein hat. "Dat vind ik een groots gebaar. Dat wil ik toch even gezegd hebben."

Algemien direkteur Ard de Graaf

Foto: Omrop Fryslân

Supportersferienings wolle nij stichtingsbestjoer

Al mei al dus in soad opskuor binnen de gelederen, dêr't de klup absolút net mei holpen is, fynt Thijs van Beijeren fan supportersferiening Cambuur Culture. Hy fynt krekt as supportersferiening MI Side dat it stichtingsbestjoer opstappe moatten hie fanwegen de rebûlje dy't ûntstien is. Beide supportersferienings sieten moandeitemoarn by it oerlis, om't se fine dat se net goed op 'e hichte hâlden wurde troch de klup.

Thijs van Beijeren fan supportersferiening Cambuur Culture

(Advertinsje)
(Advertinsje)