Deadlik bedriuwsûngelok út 2018 by Douna yn Ljouwert foar de rjochter

30 nov 2020 - 12:15

Foar de rjochtbank yn Zwolle tsjinnet dizze moandei de saak tsjin it Ljouwerter masinefabryk Douna en de firma Mokveld Valves BV út Gouda fanwegen it bedriuwsûngelok yn maaie 2018, wêrby't twa meiwurkers fan Mokveld Valves om it libben kamen. Twa meiwurkers fan Douna ûntsnapten oan de dea. De arbeidsynspeksje klaget beide bedriuwen oan foar it oertrêden fan de Arbowet.

Foto: GinoPress

Beide firma's hawwe al 30 jier in gearwurkingsferbân. Mokveld Valves makket ôfsluters foar de oalje- en gasyndustry, mar makket net de oandriuwing dêrfoar. It giet om ôfsluters fan hegedrukliedingen.

By de test fan in prototype gie it mis

De bedriuwen ha tusken 2015 en 2018 wurke oan in nij prototype ôfsluter mei as wurknamme S15. De oandriuwing sit yn in silinder. It gehiel waard montearre en ûnder hege druk test yn it fabryk fan Douna yn Ljouwert troch meiwurkers fan beide bedriuwen. It gie om in saneamde lektest.

Dy test waard útfierd yn in diel fan de bedriuwshal troch meiwurkers fan beide bedriuwen. By dy test rekke yn 2018 in sûgerstang los, dy't de meiwurkers fan Mokveld Valves tsjin de holle rekke en as gefolch dêrfan kamen se om it libben, de belutsen meiwurkers fan Douna ûntsnapten oan de dea. Ien fan harren hie him krekt omdraaid, oars wie er ek rekke. Dy sûgerstang - in grut stik metaal - kaam oanslutend tsjin it dak fan de fabrykshal op 12 meter hichte. Sa'n krêft kaam der frij.

Risiko

Neffens ien fan de tsjûge-saakkundigen hat de druk by de test op 17 maaie 2018 te grut west. Neffens deselde saakkundige kinne je sokke testen it bêste útfiere yn in bunker, wêrby't de meiwurkers fan de bedriuwen de test folgje mei help fan in kamera. Yn dit gefal waard de test útfierd yn de bedriuwshal en mei it bleate each folge en dat is net sûnder risiko. It wie by Douna net ûngebrûklik om saken sa te testen. Douna hat ek net aparte befeilige testromtes, de firma Mokveld Valves yn Gouda hat dy wol.

Wat is it ferwyt?

Neffens de offisier fan justysje hawwe sy net soarge foar in sûn en feilich wurkklimaat. Ek soene de belutsen meiwurkers net goed ynformearre wêze oer de risiko's. De bedriuwen wurdt ferwiten dat se ûnfoldwaande dien hawwe om it gefaar fan de wurksumheden foar harren wurknimmers te beheinen. De rjochtbankpresidint frege oan beide bedriuwen wêrom't de test net útfierd is yn in befeilige omjouwing. Mokveld Valves hat dêrop reagearre troch te sizzen dat de proseduere sûnt 2018 oanskerpe is.

Direkteur Procee fan Douna fertelde dat it bedriuw no in feilichheids-ekspert yn tsjinst hat. Heal-iepen silinders wurde no net mear op de wurkflier test. Douna hat al tritich jier ûnderfining mei it meitsjen fan dit soarte fan silinders en oandriuwingen. Foar 2018 wie der noch noait wat misgien by de produksje of in test.

De rjochtbank wie kritysk en frege nei de ferplichte risiko-ynventarisaasjes by de bedriuwen. By sa'n ynventarisaasje soe in risiko by in test as de test yn 2018 yn syn eagen oan it ljocht komme moatte. Mokveld Valves hie sa'n risiko-ynventarisaasje, mar allinnich foar al it wurk yn eigen hûs yn Gouda en net foar de tests dy't útfierd wurde op lokaasje.

Neibesteanden

It giet yn de saak om de ferantwurdlikheid fan de bedriuwen, mar it giet ek om de fraach wat krekt misgien is en hoe't je soks yn de takomst foarkomme kinne. Neffens ferslachjouwer Onno Falkena, dy't de saak folget, is de sfear by de sitting 'kalm en analysearjend'. Yn de seal sitte neibesteanden fan de slachtoffers, in man út Lopik (45) en in man út Wilnis (58), fan it drama en dat is elkenien him goed bewust.

Strafeask

Earst hat benammen de rjochtbankpresidint oan it wurd west. Hy besocht der achter te kommen hoe't dit krekt barre koe. Dat jout in goeie earste yndruk, mar noch gjin folslein byld. De advokaten fan beide bedriuwen moatte noch oan it wurd komme. En itselde jildt foar de offisier fan justysje. Sy kin ek mei in strafeask komme yn de rjochting fan beide bedriuwen, want it giet hjir om in strafsitting.

Ferslachjouwer Onno Falkena folget de saak

(Advertinsje)
(Advertinsje)