Suksesfolle ferkeap fan guod út kolleksje Snitser Modelspoormuseum
De ferkeap fan saken út de kolleksje fan it Nationaal Modelspoormuseum yn Snits yn it ôfrûne wykein wie in sukses. It museum ferkocht dûbelingen en skinkingen út de kolleksje om sa wat ekstra jild binnen te krijen yn dizze coronatiid.
Goed 50 doazen mei lokomotiven, rails, boudoazen en wagons gienen fuort nei leafhawwers. Besikers wienen der wiis mei, want safolle beurzen binne der net yn dizze tiid.