Fries Landbouwmuseum nije eigener fan stânbyld Us Mem

It bart wol faker dat kij feroarje fan eigener. Mar dat in ko nei 66 jier nochris oergiet yn oare hannen is unyk. Us Mem, it stânbyld op rotonde oan de Harnzersingel yn Ljouwert, is tenei eigendom fan it Fries Landbouwmuseum.
© Google Maps
It stânbyld fan de perfekte Fryske stamboek-ko waard yn 1954 makke ta eare fan it 75-jierrich bestean fan it Fries Rundveestamboek (FRS). Yn 1998 waard de Stichting Us Mem oprjochte om alle histoaryske saken fan it FRS te bewarjen. Njonken it stânbyld giet it bygelyks ek om tegeltablo's út it eardere stamboekhûs en it papieren argyf fan it stamboek.
Dizze saken wiene al te sjen yn it Fries Landbouwmuseum. Al it guod fan de stichting giet no nei yn it museum, dat dêrmei dus ek eigener wurdt fan Us Mem. It stânbyld bliuwt lykwols gewoan op de rotonde yn Ljouwert stean.