Piet Paulusma: we krije mear winter as ôfrûne winter en we kinne op redens

30 nov 2020 - 10:09

Yn syn grutte winterfoarsizzing seit Piet Paulusma dat we dizze winter op redens kinne, en dat foar in perioade langer as twa of trije dagen. Neffens de waarman wurdt it yn alle gefallen in winter mei mear winterwaar as ôfrûne winter.

Foto: Arjan Sijtsma Photography / Omrop Fryslân

Wol wurdt it in frjemde winter, dy't net echt wit wat er wol. Kwakkeljend waar, mooglik perioades mei waarmte, mar ek échte winterkjeld. Kening Winter kin yn desimber al opspylje, mar Piet achtet de kâns op winterwaar it grutst yn jannewaris en foaral yn febrewaris. Boppedat kin der in soad oerlêst ûntstean troch snie, wyn en izel, mar ek troch dampwaar, rein en stoarm.

Yn de nijste PietCast komt de winterfoarsizzing wiidweidich te praat:

De PietCast is te finen op iTunes en Spotify. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. En mear oer it waar stiet op Omropfryslan.nl/waar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)