Hoarekastel ferbout Foarhûstsjerke yn Wommels: "Dit wurdt ús einstasjon"

30 nov 2020 - 09:00

"De kroech is myn tsjerke", wurdt der wolris sein. Yn it gefal fan Henk en Adriana Metzlar past dat presys. It hoarekastel stiet al jierrenlang achter de bar yn kafee It Reade Hynder yn Wommels. Yn 2017 kochten se de eardere Foarhûstsjerke yn Wommels. Nei trije jier begjint harren wenhûs stadichoan foarm te krijen. "Dit wurdt ús einstasjon."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Yn 2017 kocht it stel de tsjerke yn Wommels. "It stie te keap en wy fûnen it skande as it plat gean soe", fertelt Adriana. "Der is yn Wommels al safolle fuorthelle dat der hast neat mear oer is fan âld-Wommels. Dêrom ha wy besluten it tsjerkegebou te keapjen." De tsjerkemienskip sels woe it gebou slope litte en in nij gebou delsette litte, wit Henk. "Mar gelokkch ha se dat net dien."

Alles 'Rollator-proof'

It hoarekastel seach fuortendaliks wol takomst yn it tsjerkegebou. Henk: "Ik hie wol sin oan in romme hobbyromte, krekt as myn frou. En dat is slagge!" Adriana is tige wiis mei alle romte yn it gebou: "It is echt hiel grut. It wurdt ek it hûs foar ús âlde dei. Dit wurdt echt ús 'einstasjon', alles is rollator-proof sûnder drompels. Ek wurdt it hiel moai ljocht hjir binnen. Wy ha jierren yn de hoareka wurke, dêr't it altyd hiel tsjuster wie. Dit wurdt echt in feroaring."

It sirkeltsje rûn

It tsjerkegebou wurdt troch Henk en Adriana de 21e iuw ynslingere, mei allerhanne duorsume techniken. Henk: "Wy helje alle ruten der út en sette der nije kezinen yn mei HR++ glês. Alles wurdt dûbeld isolearre. Wy wolle de tsjerke en ús hûs ferwaarmje mei waarmtepompen en sinnepanielen. Dan is it sirkeltsje wer rûn."

Henk en Adriana oer harren ferbouwing

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Op dit stuit liket de tsjerke mear op in bouplak. De tsjerke wurdt it takomstich wurkplak fan Henk. In bysûnder wurkplak, want Henk en Adriana binne sels jierrenlyn yn dizze tsjerke troud. "Doe tochten wy noch net: ea sille wy hjir wenje."

Klappen opfange

Hast alles is noch itselde as eartiids. Allinnich ûntbrekt it oargel fan de tsjerke, dy is opkocht troch in spesjalist. Der stean noch hiel wat ferbouwingsplannen op de kalinder. It doel is dat it stel takom jier yn de tsjerke wenje sil. "Mar der komme net in soad sinten binnen, want ús kafee is ticht. Us âlde-dei-reserve stekke wy yn de tsjerke, mar wy brûke de sinten no om de klappen op te fangen. Wy moatte mar sjen hoe't it allegear komt."

Kop der foar

Soargen makket Henk him lykwols net. "Wy binne ea begong mei neat en miskien ha wy aanst ek wer neat. Mar dan binne we dochs 25 jier fierder. Dus wy hâlde de kop der foar."

Wat binne de plannen mei de âld-tsjerke?

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Trefwurden: 
Wommels Foarhûstsjerke
(Advertinsje)
(Advertinsje)