Nachtwacht360 oant heal febrewaris noch yn Nes te sjen

30 nov 2020 - 06:42

Wylst de hiele kulturele sektor sa goed as plat leit, bliuwt ien inisjatyf op it Fryske plattelân mei wat ekstra stipe gewoan oerein: de eksposysje Nachtwacht360 yn de Teätertsjerke fan Nes. Sterker noch; de tentoanstelling wurdt ferlinge oant en mei 13 febrewaris, want it publyk bliuwt mar kommen.

Nachtwacht360 oan't heal febrewaris yn Nes te sjen

Dizze bysûndere reproduksje yn foto's fan Rembrandt syn meast ferneamde wurk blykt in grutte publykslûker. Der ha al mear as dûbeld safolle besikers west as fan 't simmer doe't de eksposysje noch yn Amsterdam te sjen wie.

It wie net fanselssprekkend dat der in ferlinging komme soe, seit Anke Bijlsma fan de Theaterkerk Nes: "Dêr moast ik wol efkes oer neitinke. Wy sieten ek noch mei de lockdown fan goed in wike lyn. Dat hat ek wol makke dat wy it beslút wat rapper makke hawwe. Ik moast dêrfoar ek sjen dat ik in fûns fine koe om wat finansjele stipe te krijen. Dat is slagge. De Sint Anthony Gasthuis Stifting besjocht dit echt yn it ramt fan de leefberens en makket dit mei-mooglik."

Anke Bijlsma fan de Theaterkerk Nes - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Anke Bijlsma fan de Teatertsjerke

"Niet zo snel naar Amsterdam"

Der wurde noch hieltiten in soad kaarten ferkocht; ek as presintsje foar de feestdagen. De minsken komme oeral wei. In soad út de trije noardlike provinsjes, mar ek fierder fuort. Der is sels al kontakt opnaam fanút Ingelân.

Underwylst stappe der twa eksposysjebesikers de tsjerke út. Ien fan harren is Saskia Spuijbroek út Havelte. It past har wol dat dizze eksposysje no yn Nes te sjen is. "Ik zou nu niet zo heel snel naar Amsterdam gaan."

Saskia Spuijbroek út Havelte

(Advertinsje)
(Advertinsje)