Groei oantal briedende skiere guozzen nimt ôf by It Fryske Gea

It tal skiere guozzen dat yn gebieten fan It Fryske Gea briedt, nimt noch hieltiten ta. It tempo dêr't dat yn bart, nimt wol ôf. Dat docht bliken út in rapport fan Sovon Vogelonderzoek yn opdracht fan It Fryske Gea.
Natuergebiet It Easterskar yn Rotstergaast en Rotsterhaule dêr't ek in soad guozzen sitte © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It is de twadde kear dat der sa'n rapport makke wurdt, mar it is de earste kear dat der sa folslein sjoen is nei alle relevante natuergebieten. It giet net om de skiere guozzen dy't hjir winterdeis op besite komme, mar allinnich om de saneamde 'simmerguozzen' dy't hjir it hiele jier ferbliuwe en dus ek briede. It oantal briedpearen is no 6100 en dat binne der 1800 mear as yn 2016. Earder naam it oantal briedpearen jierliks ta mei tweintich prosint. No is dat alve prosint.
Dêr is in reden foar seit Sytske Rintjema fan It Fryske Gea: "Dat is feitlik gewoan natuerwittenskip. Je sjogge yn alle biologyboekjes dat as in soart him nij fêstiget en thús fielt dat dy earste hiel bot tanimt, mar dat nei ferrin fan tiid it 'verzadingspunt' berikt wurdt en dat it dan ôfflakt. Dan krije jo sa'n sinuskurve en dy komt no tichtby in pyk hjir yn Fryslân en ús gebieten."

Foks

Wat ek opfalt is dat de foks yn guon natuergebieten in soad ynfloed hat op de groei fan it oantal skiere guozzen. Dêrtroch nimt it oantal guozzen ôf yn it Ottema-Wiersmareservaat, de Petgatten by De Feanhoop, Piamer Koaiwaard en de Makkumer Waarden. De grutste tanames binne yn it noarden fan de provinsje yn de Bouwepet en Oer de Wiel. Ek op en by de Fluezen en de Fûgelhoeke giet it goed mei de skiere guozzen.
Yn de measte oare gebieten lykas de Alde Feanen is de rappe taname in stik minder wurden. Nei alle gedachten omdat de gebieten fol begjinne te reitsjen.
Sytske Rintjema fan It Fryske Gea